Dielnimmers Liet International 2020 yn Nordschleswig/Denemarken 

LAATSTE NIEUWS: wegens het Coronavirus is het Festival afgelast/uitgesteld

 

De 20 dielnimmers fan de 13e edysje fan Liet International 2020 op 3 en 4 april 2020 yn Apenrade/Aabenraa, Denemarken binne bekend. 45 lieten binne ynskreaun foar Liet International 2020, it sjongfestival foar regionale en minderheidstalen. Dizze 45 lieten litte in grutte stiging yn it tal ynskriuwingen sjen, en in groeiende ynteresse yn Liet International.

In seleksje sjuery besteande út Anneke Holwerda (Fryslân), foarsitter fan de sjuery fan Liet 2019, Laura Fosten (Feriene Keninkryk), bandlid fan de Cornyske The Rowan Tree, winner fan Liet International 2018, en Uffe Iwersen (Denemarken), kultuerkonsulint by Bund Deutscher Nordschleswiger, de organisators fan Liet International 2020, moasten nei alle lieten harkje en sy hienen de swiere taak hjir in seleksje út te meitsjen.

Roger Argem zingt in het Catalaans

De line-up hat wer in grut ferskaat. Sawol yn ferskillende regionale en minderheidstalen as yn muzykstilen fan harksankjes en jazz oant (indie) rock.

De 20 dielnimmers binne, yn alfabetyske foalchoarder: Band Liet Taal
63-72 Mein kleines Lied Synnejysk/Dútsk (Denemarken)
Bališ Spal bomo če smo hin Sloveensk (Eastenryk)
Brother Sea Oll ‘Vel Onen Cornysk (Feriene Keninkryk)
Bumbe Orchestra Cala Sinzias Sardinysk (Itaalje)
Carolina Rubirosa Sozinha Galisysk (Spanje)
Clash Vooar Lhiggeyder Folley Manx Gaelysk (Eilân Man)
Die Tüdelband Buten an’t Meer Platdútsk (Dútslân)
Fiona Cavegn Mona Lisa Reto-Romaansk (Switerserlân)
ISABELLE Waje de Litt Elzas-Dútsk (Frankryk)
Jimi Henndreck Nairobi Súdtiroolsk (Itaalje)
Juna Yashel Kuzle Tatar (Tatarstan)
Luis Nuñez y los Folganzanes Tengo un sitiu pa ti Asturysk (Spanje)
Marcas Mac an Tuairneir le Bogha-frois Dumbbells Skots Gaelysk (Skotlân)
Noctiluca Iaan Heligoland Frysk (Dútslân)
Roger Argemí La fina línia Katalaansk (Spanje)
Saara Hermansson Mov laavlome Súd-Sami (Sweden)
Sequens Do bist frij Frysk (Nederlân)
Sølo Kærestesangen Deensk (Dútslân)
Turbokrowodn Mila moja Burgenlandkroatysk (Eastenryk)
Zaman Aida Yanga Bashkir (Bashkortostan)

LIET International wordt gehouden op 3 april (halve finale met 20 bands) en 4 april (finale met 10 bands) in het Gazzværket in Aabenraa, waar 1200 gasten kunnen zitten. Tickets voor de finale kunnen worden gekocht op www.aabenraalive.dk.

Liet International is een Friese vereniging die elk jaar een liedfestival organiseert waar alleen kleine talen gebruikt worden. Dit bericht is in het Fries.   

Plaats een reactie