PARSEBERJOCHT: Liet International 2022 definityf yn Noardsleeswyk/Denemarken

Fan 1 febrewaris 2022 ôf binne der gjin COVID-19 beheiningen mear yn Denemarken. Dêrom hat de gasthear fan Liet International 2022, de koepelorganisaasje van de Dútske minderheid, Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN) yn gearwurking mei de stichting achter Liet International besluten Liet International 2022 definityf op 13 maaie 2022 yn Tondern/Tønder, yn it suden fan Denemarken, te organisearjen. Lokale gasthear Uffe Iwersen seit “We as German minority in Denmark are very proud to host LIET International 2022 in Tønder/Tondern. The German-Danish border region is one of the most diverse regions in Europe in terms of language and culture. It’s the perfect place to celebrate European diversity.”

28 lieten wienen ynstjoerd foar Liet International 2022. In seleksjesjuery besteande út Nick Veenstra (Nederlân), sjueryfoarsitter fan it Frysk sjongfestival Liet 2021, Laura Fosten (Feriene Keninkryk), lid fan de Kornyske band The Rowan Tree, winner fan Liet International 2018, en Uffe Iwersen (Denemarken), kultuerkonsulint by de Bund Deutscher Nordschleswiger, de organisatoaren fan Liet International 2022, hiene de drege opjefte om in seleksje te meitsjen. Neist harren seleksje binne der ek in oantal muzikanten út de regio streekrjocht troch de organisaasje útnûge.

De dielnimmerslist bestiet wer út in hiel ferskaat, sawol sjoen nei de ferskillende regio’s en minderheidstalen, as ek de muzykstilen. De 13 dielnimmers binne, yn alfabetyske folchoarder:

Skaermbillede 2022 03 22 kl. 16.05.30

* De winner fan de Sámi Grand Prix 2022 sil de Sami representearje, dit festival wurdt op 16 april 2022 hâlden.

It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen Liet International is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar de earste kear organisearre yn de haadstêd fan Fryslân, Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 ûnder de beskerming fan de Ried fan Europa. Liet International lûkt elts jier in soad oandacht fan de media – fan BBC oant Al Jazeera – en is útgroeit ta ien fan de grutste eveneminten foar de promoasje fan minderheidstalen. It ynternasjonale sjongfestival wurdt eltse twa jier organisearre. Yn 2018 fûn de lêste edysje fan Liet International plak yn Ljouwert. De edysje fan 2020 soe hâlden wurde yn Aabenraa/Åbenrå, mar waard yn ferbân mei de koroanapandemy annulearre. Mear ynformaasje oer Liet International is hjir te finen: https://liet-international.com/

Noardlik fan de Deensk-Dútske grins yn Noardsleeswyk wenje sa’n 15.000 minsken dy’t by de Dútske minderheid hearre. De Dútske minderheid yn Noardsleeswyk hat eigen skoallen en in grut ferskaat aan sosjale en kulturele organisaasjes en soarget foar in wichtige skeakel tusken de Dútske en Deenske kultueren. De gasthear fan Liet International is de koepelorganisaasje fan de Dútske minderheid, Bund Deutscher Nordschleswiger (BDN). BDN wurket foar de organisaasje gear mei de Deenske en Noard-Fryske minderheid yn it noarden fan Dútslân – fertsjintwurdige troch harren kulturele en koepelorganisaasjes Sydslesvigsk Forening and Friisk Foriining. Dêrneist sille in grut tal oare regionale en lokale partners en sponsoaren diel útmeitsje fan dit kulturele hichtepunt. Mear ynformaasje oer de Dútske minderheid en de Dútsk-Deenske grinsregio kin hjir fûn wurde: www.bdn.dk & www.nordschleswig.dk

Litte we it ferskaat fiere troch it unike fan de Dútsk-Deenske grinsregio mei Europeeske muzyk en taaldiversiteit te kombinearjen. It lânskip fan de Dútsk-Deenske grinsregio is oantreklik en diversk. Der is in heuvelich lânskip lâns de Baltyske see, in idyllysk binnenlân en de kust fan de Noardsee mei de Waadsee en diken. It grinslân is histoarysk foarme mei Dútske en Deenske ynfloeden, as ek ferskowende machtsstruktueren. Oarloggen binne hjoed-de-dei ferfongen troch freedsum gearwurkjen en fan wjerskanten stypjen, wêrby’t de Dútske minderheid oan de Deenske kant, as ek de Fryske en Deenske minsken yn Súdsleeswyk oan de Dútske kant in bydrage leverje oan it kulturele ferskaat fan de regio. Dizze hege konsintraasje fan minderheden soarget automatysk foar in grut ferskaat oan talen. Neist Dútsk en Deensk, wurde de regionale en minderheidstalen Frysk, Platdútsk en Synnejysk yn dizze regio sprutsen.

 

Miniatuer: Winner fan Liet International 2018, The Rowan Tree from Cornwall. Fotorjochten eigendom fan Neushoorn/Nico Boersma

Plaats een reactie